Man beknypt yn syn brommobyl
In 24-jierrige man út Warns is moandei yn It Heidenskip slim ferwûne rekke by in oanriding. De man ried op de Heidenskipskipsterdyn mei syn brommobyl tsjin de foarlader fan in trekker oan. Hij wie dwaande in groep fytsers yn te heljen, mar hat nei alle gedachten net sjoen dat der in trekker stilstie op de dyk.
Hy botste der tsjinoan en rekke fêst yn syn brommobyl. De brânwacht hat him der úthelle. De man is mei in ambulanse nei it sikehûs brocht.
